Froukje Annema

Dit gedicht giet oer de pleats op Berchhuzen, dêr’t de famylje Ate Noordenbos  oant 1961 ta wenne hawwe. It komt út de dichtbondel “Snypsnaren” fan Froukje Annema-Noordenbos.

Bylden fan myn bernejierren                                                         

Midden tusken bou en greiden,
mei in romte by de rûs,
wie it moaiste plakje op ierde,
want dêr stie myn âldershûs.

‘t Wie foar ús in feilige haven,
leafde en waarmte wennen dêr.
Bylden fan myn bernejierren,
nea ferjit ik dy dochs wer.

‘k Kin de pleats noch foar my krije.
‘k Fyts wer oer dy lange wei.
De lange rige bûthúsljochtsjes
komt hiel stadich tichterby.

‘k Bin der hast, de doar giet iepen,
‘k sjoch ús mem stean tsjin it ljocht
en hja ropt my bliid temjitte:
“Wiest dêr, fanke? ‘k Hie’t al tocht.”

Dan is dêr dy waarme smûkens,
‘k fiel de âldersoarch en noed.
En yn d’âld fertroude keamer
is it feilich en sa goed.

Jierren binne no foarby gien,
‘t âldershûs, it is net mear.
Mar ‘t hat plak fûn yn myn herte
en soms docht dat plakje sear.

Froukje Annema-Noordenbos

In tinkteken foar Froukje Annema-Noordenbos

Doarpsbelang Easternijtsjerk hat yn 1998 besluten om te kommen ta in tinkteken foar in âld ynwenster fan it doarp.  Gjin grut monument, mar in ienfâldich oantinken oan in skriuwster dy’t de wrâld en it libben fan minsken sa tichtby bringe koe. Wy tinke dat de krêft fan har taal útstriele sil nei doarpsbewenners en foarbygongers.

Yn dit stikje skriuwen wolle wy wat fertelle oer de relaasje dy’t se hie mei Nijtsjerk.

Froukje Annema Noordenbos waard 9 maaie 1941 berne op in boerepleats op Berchhuzen ûnder Easternijtsjerk. De pleats mei de grêft en de seringebeam (eins nageltsjebeam!). Doe’t Froukje tweintich jier wie, kamen har heit en mem by in ûngemak om it libben en moast se har âlden, mar ek har âlderlik hûs, misse. Se kaam by har suster yn Holwert te wenjen oant se troude mei Marten Annema. Doe ferhuze se nei De Rottefalle. Se krigen dêr trije soannen. Op 20 july 1998 is se rêst yn har wenplak De Rottefalle. Se waard 57 jier.

Nei de Mulo yn Dokkum folge Froukje Noordenbos in oplieding ta beukerliedster, in berop dat se ek in tal jierren útoefene hat.

Yn de santiger jierren begûn se mei it publisearjen fan koarte ferhalen. Se fernaam doe dat se har it bêste uterje koe yn har memmetaal, it Frysk. Se wie in alsidich skriuwster dy’t mei súkses ferskate sjenres beoefene, ûnder mear toanielwurk, kabaretteksten, berneboeken, dichtwurk en romans. Har earste roman, ”Twasprong”, kaam yn 1988 op ‘e merke, se skriuwt dêryn oer in jonge frou út de Dongeradielen. Yn 1990 waard it koarte ferhaal ”Dyn kânsen binne goed” bekroand mei in priis. Yn dit ferhaal skriuwt Froukje Annema foar it earst oer har sykte, boarstkanker. Yn ”Sûnder garânsje” en ”Heit” komt dit ûnderwerp werom. Har lêste grutte wurk wie it jûnfoljende toanielstik ”Treast mei sûker en molke” dat yn jannewaris 1998 yn Nyegea foar it earst opfierd waard.

Se wurke foar Frysk en Frij en Friesland Post en siet yn de redaksje fan de Fryske Bernekrante.

Har styl fan skriuwen wie noflik, libben en mei komyske aksinten. It geheim wie dat se mei har ûnderwerpen hiel ticht by de minsken stie. Se woe it aldendeiske libben bringe mei in krûmke humor. It skriuwen wurke ek terapeutysk, har gefoelens koe se yn har romans ûnder wurden bringe. Har deiboeken brûkte se om har wer yn te libjen yn de hûd fan in famke fan njoggentjin. Troch har djipminsklike boeken is se fan grutte en bliuwende betsjutting foar har lêzers.

By it útkommen fan it boek “In doarp yn ‘e Noardeasthoeke”, oer de skiednis fan Easternijtsjerk, wie Froukje oanwêzich yn De Terp. Se levere in bydrage troch te fertellen fan har oantinkens oan har berne- en jongereintiid.

Skreaun mei tastimming fan Jelma Knol

Doarpsbelang Easternijtsjerk