Oankundiging Doarpsreüny 2012

Wat is de oerienkomst tusken de jiertallen 1979, 1991 en 2012 yn de skiednis fan Easternijtsjerk?
Antwurd: Yn al dizze jierren hat der in Doarpsreüny plakfûn, jawis 2012 heart ek yn dit rychje thús. Der is neffens de geruchten al gauris oer praat yn it doarp: “Moatte wy ek hast wer ris in Reüny ha?” No, op 15 septimber 2012 is it safier.
Doarpsbelang hat dêrta it inisjatyf naam en in oantal minsken frege om in sit te nimmen yn de nije Reünykommisje. De nammen fan de kommisjeleden steane ûnderoan dizze bledside.
Dizze kommisje hat no ien kear byinoar west en doe fuort in datum yn 2012 prikt: sneon 15 septimber! It bysûndere fan de kommende Reüny is dat er dit kear net tagelyk in doarpsfeest hâlden wurdt, it wurdt dus in ‘frijsteand’ barren. De Reüny kriget de oandacht dy’t nedich is en de hiele dei stiet yn it teken fan de reünisten dy’t út alle hoeken en hernen op ús doarp tasetten komme!
De kommisje sil de kommende tiid wurkje oan de ynfulling fan dy dei mar ien ding stiet no al fêst: der moatte safolle mooglik âld-Nijtsjerksters op ‘e hichte brocht wurde fan dit bjusterbaarlik barren! Dêrta hat de kommisje by jimme allegear in brief brocht mei de fraach om safolle mooglik adressen fan famyljeleden, dy’t ea yn Nijtsjerk wenne ha, troch te jaan: noch leaver de e-mailadressen.
Der kin ek tocht wurde oan adressen fan eardere bewenners fan jim hûs: wêr binne dy bedarre? It kin ommers wêze dat fan harren gjin famylje mear yn it doarp wennet.
De kommende wike wurde dizze briefkes, fol mei adressen fansels, persoanlik by jim weihelle. Dêrnei kin de kommisje oan de slach. It leit yn ‘e bedoeling dat jimme middels De Doarpsskille en de webside op de hichte hâlden wurde fan de tariedings op de grutte dei.
Oant jannewaris 2012 dan mar.
Alien de Beer    Lolke Bergema    Theo Dorhout
Dries Faber        Hillie Faber       Renske de Weger
Antsje Kuiper    Reinder Tolsma